Sint Piter gedichtsjes

Foar de Grousters!

Och heden hitskes
Och heden hitskes, wat in noed
Komt it mei Swarte Pyt wol goed?
Australie, Sjina de wrâld yn’t rûn
Lokkich hat hy Grou op’e tiid wer fûn
Dy Pyt ek altyd mei syn geintsjes
Sint Piter kin net sûnder syn feintsje
Tegearre yn’t spier foar de Grouster bern
Ek do moatst mar gau dyn kadootsje besjen
Fynst it al spannend… no, útpakke dan!
De groetnis fan Sint en syn Piterman

Pakjes
Sint Piter en Pyt bringe pakjes by de minsken
Yn it grutte boek stean alle Grouster winksen
Sint seit no moatte wei nei … (naam) rinne
Ik hoopje dat wy ús  net fersinne
Hy/sy hie freege om in .. (cadeau) dizze kear
Dus Sint Piter wie sa mar klear.

In pakje foar …
Sint Piter en Pyt rinne yn Grou op’e dyk
Kom op Pyt doch no net sa bryk
Wy moatte nei …(naam) mei in moai pakje
Foar dit  …(cadeau) hat hy/sy fêst wol in plakje

Wylde weagen
Oer de wide, wylde weagen
Wylst de hagelstiennen fleagen
Kaam Sint Piter út Spanje wei
Socht ek Piterbaas syn wei

Om elts yn Grou wer bliid te sjen
Grutte minsken, lytse bern
Is faak in hiele poepetoer
Elts wol graach wat yn’e koer
Bêste…..dit is foar dy
No hâld ik op mei myn rimelderij

Famkes en jonges
Hé famkes en jonges, it is wer sa fier
Alle gesichten yn Grou steane blier
Sint Piter is dizze wike by ús
Ek Swarte Pyt fielt him hjir ó sa thús
De flagge dy wappert, wat in fleur
We sjonge en laitsje, fuort mei’t geseur
Dyn kuorke dat stie fêst al klear
Mei in woartel foar’t hynder en wat hea
Sint Piter en Pyt ha goed foar dy socht
Dit ha se úteinlik foar dy kocht
It is fêst in skot yn’e roas
Sa net, dan mar ruilje foar wat oars