Oarsprong Sint Piter

Der is in moai ferhaal oer de bruorren Sint-Niklaas en Sint-Piter, dy’t alle jierren op 5 desimber tegearre nei Nederlân kamen mei presintsjes.  Oant de kear doe’t se de sek foar Grou ferjitten wienen. Sint-Piter  gong werom, en kaam sa einlings earst yn febrewaris yn Grou oan.

Mar de oarsprong fan it feest is dochs wat oars.   Ear’t Fryslân kerstene waard, koe men yn Fryslân it Maitiidsfeest. Om’t de tsjerke heidenske feesten ferfong troch kristlike feesten waard it maitiidsfeest feroare ta it feest fan Sint-Petrus.  Mei de ieuwen is it feest, it Sint-Piterfeest, hast oeral út de moade rekke, mar yn Grou is it bleaun.

Krekt wêrom dat sa wie is net dúdlik. Faaks om’t Sint-Petrus, de patroan fan Grou wie. Grou hat hieltyd noch in Sint-Pitertsjerke. Faaks ek wie Grou sa isolearre troch it wetter dat âlde brûken dêr net sa maklik troch oare ferfongen waarden.


Feroarjend Sint-Piterfeest
Yn de 19e ieu wie de Sint-Piter ien dy’t troch it doarp gong mei in keatling oan ‘e foet en mei in duffelske jas oan, mei op dy jas snobbersguod en fruit. As er dan in wente yn gong, koenen de bern der wat fan ôf helje. En dan gong er wer fierder.   Mar oan it begjin fan de 20e ieu wie der eins net sa folle mear oer fan it Sint-Piterfeest.
Doe hat in beukerjuffer út Grou, juffer Jansen, de hjoeddeiske Sint-Piter betocht, mei syn sêfte wite burd, syn wite tabbert en reade miter en syn stêf, en ek it ferhaal oer de twa bruorren. No komt Sint-Piter alle jieren mei de boat oan, tegearre mei in swarte feint, en hy rydt op in swart hynder troch it doarp. Yn it ferline wie dy oankomst op 21 febrewaris, mar sûnt 1971 komt Sint-Piter yn Grou oan op de sneon foar syn nammedei.