Sint Piter

Grou is it iennichste plak fan Nederlân dêr’t Sinteklaas net komt.  It fiskersplak hat syn eigen hillige: Sint Piter. Hy is neamd nei de hillige fan’e fiskers: Petrus. Hy hat in wite tabbert oan.
Op 21 febrewaris wurdt pakjesjûn fiert. De winkels yn it doarp dogge ek mei. Net allinnich mei Sint-Piterfersiering en muzyk, mar ek trochdat skuontsjes fan de bern yn it doarp yn de winkel-etalaazjes set wurde mei in ferrassing der yn.  De bern hawwe sa alle jierren in moaie speurtocht en sykje harren skuon.
Dit jier komt hy op 15 febrewaris oan yn Grou mei de boat.


http://www.sintpiter.nl/

Sint Piter gedichtsjes