In liet skriuwe

Mei galmje is moai, mar sels in ferske skriuwe is noch folle boeiender.
Seis oefeningen helpe dy op wei nei in plak by Liet!

Diel 1: Sjong mei

In goed liet is in liet dat har nei ien kear lústerjen al meineurje lit en nei twa kear meisjonge lit. Dat wol noch net sizze dat in ferske har ek yn ien kear skriuwe lit. Dat bart wolris, mar faker noch is in liet skriuwe in kwestje fan slypje en trochkrasse.

It wichtichste is dat der stean moat wat der stiet, sei Bram Vermeulen oait yn in ynterview. ‘Asto it minusjeus lêst, moat alles mei-inoar strike. Eltse rigel, elts kûplet: it hiele liet. Faak komme minsken der krekt net út en dan wurdt der sjoemele. Somtiden wurd ik der sels ek wanhopich fan, as eat bygelyks wol moai rimet, mar der lykwols net stiet wat ik sizze wol. Dan moat de tekst dochs fuort’.

Oefening:

Harkje in pear kear nei in melody dysto moai fynst – dat kin in melody wêze dysto sels skreaun hast (muzikaal talint), as in melody fan in oar. Foar it lêste gefal jildt: harkje net nei de oarspronklike tekst, mar allinnich nei de muzyk. Hokker wurden komme spontaan yn dy op? Hokker bylden sjochsto foar dy? Besykje no ris in rûge tekst op it ritme en de melody te skriuwen. Konsintrearje dy earst foaral op de earste kûpletten.


Diel 2: Sinneplak

In liet moat mar oar ien ding gean. Net oer twa en seker net oer trije. Der moat wat sintraal stean – in tins, in gefoel, in ferhaal – en alles moat yn it wurk steld wurde om dat foar it fuotljocht te bringen. Nim it ferneamde ferske ‘Alles kin in minsk gelokkich meitsje’ fan Henk Westbroek (In eigen hûs), ferneamd wurden troch René Froger. Wêr it liet oer giet is ienfâldich: do hast alles, mar dochs bist krekt net gelokkich. Dat is it leed fan de moderne mins.  Dêrom die prachtige kûpletten dy’t oer it gelok gean, en dat refrein, dat it yn de lêste rigel krekt ûntkrêftet. ‘In eigen hûs / in plak ûnder de sinne / en altyd immen yn ‘e buert / dy’t fan my hâlde koe / Dochs woe ik dat ik krekt wat faker, wat faker ienfâldichwei gelokkich wie.’

Oefening:

Sjoch nei de earste kûpletten dysto skreaun hast. Wêr gean se oer? Wat is de essinsje? Wat wolsto einliks sizze? Asto der wier efter stiest wêr it oer giet, kras dan alles troch dat der net mei te krijen hat. Wurkje it tema út, by need troch hieltyd oare foarbylden te jaan, as arguminten oan te heljen. Besykje no ek oan it refrein te wurkjen – wat is de sintrale rigel dy’t hieltyd wer hingjen bliuwt? Wat is de sterkste fraze dy’t iderkear werom komt?


Diel 3: Liet mitselje

Wit watsto wolst mei dyn ferske, dat is de wichtichste tip dy’t lietskriuwers as Bram Vermeulen ús meijûn ha. In songtekst skriuwe kinsto ferlykje mei mitselje. Dêrfoar hasto nedich: stiennen, semint, ark en asto nei boppen wolst: in stegerke. Dêrnei kinsto begjinne mei mitseljen mar it is wol handich om earst te witten watsto no mitseljen giest. Fan tefoaren moatsto beslisse: ferklearje ik myn leafde streekrjocht oan har, of fertel ik myn leafde oan de wrâld, fertel ik út mysels wei, as brûk ik in hy-foarm. Sa binne der tûzenen dingen dysto fan tefoaren klearsette moast.

 

Oefening:

Sjoch no nochris nei dyn teksten. Bisto konsekwint yn dyn oansprekfoarm, yn dyn perspektyf, yn dyn tiden. Wurket it earne nei ta? Strike dyn bylden? Besykje no in liet te sjongen: strike it metrum en it ritme mei-inoar? Strike de lûdpatroanen? Komme de juste wurden te foarskyn? Skriuw op wat der noch better kin. Gean dêrnei oant wurk. Kras, skriuw, feroarje oant it écht rint.


Diel 4: Doch ûndersyk

Net alle ferskes ûntstean út dyn eigen fantasy. Krekt as by romans, novelles as toanielstikken kinsto ûndersyk dwaan. Bram Vermeulen die bygelyks wiidweidich ûndersyk foardat hy it liet ‘In deagewoane jonge’ (fan syn cd ‘Êfter myn eagen) skreau.‘Ik praat altiid mei minksen neidat ik in idee krigen ha: dêrmei fergrutsje ik de kâns dat minsken harren der yn werkenne sille. ‘Do moatst mei trije stappen de trep omheech,” komt fan in bern út Limburg. “De stoepenaden en de bline muorre” is fan mysels, krekt as alles oanreitsje wolle en stappen telle, dat doch ik no noch wolris.

Oefening:

Gean foar dyn lêste liet op ûndersyk út. Gean nei in plak dat mei dyn ûnderwerp te krijen hat en harkje goed nei de luden, de petearen, de wurden. Wat learsto der fan? Hokker sinnen en luden bliuwe hingjen? Gean no werom nei dyn liet en sjoch hoesto it feroarje kinst mei de kennis dyst opdien hast. Sjong it liet foar freonen en tink om harren reaksje.


Diel 5: Tink om de wurden

In liet bestiet út wurden en it binne dizze wurden dy’t it dwaan moatte. Satisfaction- Eigen hûs- Yesterday. Tink dus goed om de wurden: brûk safolle mooglik lytse, konkrete wurden en sa min mooglik grutte abstrakte. Sis watsto sizze wolst – hoe direkter asto dat dwaan kinst, hoe better de teksten harren begripe litte troch in publyk. In ferske is gjin poëzy dysto noch tsien kear fan ‘e pagina lêze kinst. In liet moat yn ien kear stean, yn ien kear wjerklinke yn ‘e holle fan it publyk.

Oefening:

Gean werom nei de tekst en sjoch nei dyn wurden. Sprekke se genôch, bliuwe se hingjen of binne it te grutte, abstrakte wurden? Tink ek om de klisjees: se wurkje faak allinnich asto der krekt wat mei dochst, asto der in twist oan joust. ‘Ik bin de gongmakker op it ferkearde feest, ik bin de skuonmakker mei de ferkearde leest’. Sjoch ek nei de rigellingtes: binne se natuerlik of fiele se oft se wringe? Wurkje, skaaf en treedt op. Tink om de reaksjes fan dyn harkers en freegje nei harren ûnderfiningen.


 

Diel 6: Rymtwang

De grutte stroffelstien by lietskriuwe is faak it rimen. Moatte de rigels rime of wurdt it dêrtroch in Sinteklaasliet. Bram Vermeulen wie der hiel dúdlik yn. Sommige minsken bine harren oan de rymfoarm en it kin aardige foardielen opleverje, asto bygelyks fan needs in oare draai oan in sin jaan moast. Feit bliuwt datsto dysels in foarmprinsipe op leist dat yn wêzen beheinend is. Rime kin nuttich wêze, omdatsto werom giest nei de basis: do witst wannear bygelyks in sin of kûplet ‘ôf’ is, mar it kin ek nuttich wêze om bepaalde wurden just net rime te litten.

Oefening:

Skriuw twa lietsjes oer itselde tema: ien mei in fêst rymskema, en ien sûnder. Sjoch dêrnei nei it resultaat: wat foldocht dy better? Sjoch goed wat it mei dyn skriuwproses docht: twingt it dy om op in kreative manier oplossingen te sykjen of makket it dyn rigels te maklik? Lit it ek oan oaren lêze en harkje nei harren kommentaar. Tink ek oan kombinaasjes: in rimend refrein en net-rimende kûpletten, of oarsom. Skriuw se!

Hasto in tip foar in ûnderwerp fan in skriuwoefening? Stjoer dan in mailtsje hjirre.

(bron: http://www.schrijvenonline.org/oefening/liedschrijven )