Valentijn gedichtsjes

 In knypeach

In knypeach fan dy
Lit de sinne skine
De waarmte yn my
Sil nea wer ferdwine
Do joust my it ljocht
Op in tsjustere jûn
Do bist wat ik socht
Ik ha leafde fûn
Tegearre op wei, ús libbenspaad
Sterk yn’e sinne, mar ek yn’t skaad

In knypeach fan dy
Bringt de waarmte yn my
Lit de sinne wer skine
En nea wer ferdwine
Do bist wat ik socht
Do joust my it ljocht
Op in tsjustere jûn
Ha ik de leafde fûn
Tegearre op wei, ús libbenspaad
Sterk yn’e sinne èn yn it skaad

In kaartsje

In lyts kaartsje, neat mear
It is mar in fraksje
Fan hoe’t ik dy begear
Dêrom dizze aksje

In kaartsje foar dy
It lit sjen hoefolle ik fan dy hâld
Do bist it foar my
De leafste fan de wrâld

Leafde foar altyd
Dat is it tusken dy en my
Ik wol dy nea wer kwyt
Ik hâld safolle fan dy

Mei de eagen ticht
tinkend oan dy
Betink ik in gedicht
Is der foar ús in wy

Mei gjin pen te beskriuwen
fan ‘e wize fiel ik my
t’is hast net te leauwen
safolle hâld ik fan dy

… jier binne wy tegearre
Yn foar en yn tsjin
‘k ha wol ris krimmenearre
Mar do hast altyd in blier sin
dy bystean yn goede en minne tiden
der foar gean, dêrfoar te striden
dat is wat ik wol, allinne mei dy
Leafste, ik hâld foar altyd fan dy